Ajax wol Luciano Narsingh

31 jan 2012 - 10:44

Ajax hat yn 'e persoan fan Danny Blind kontakt opnaam mei foarsitter Robert Veenstra fan SC Hearrenfean om te praten oer oanfaller Luciano Narsingh. De ynteresse fan Ajax foar de bûtenspiler is yn in streamfersnelling kaam, no't net dúdlik is hoelang't Ajax-spiler Miralem Sulejmani útskeakele is.

Neffens technysk direkteur Johan Hansma stiet it Ajax frij om in bod út te bringen. "Maar dat is nog niet gebeurd", sa seit de technysk direkteur fan SC Hearrenfean.

Saakwaarnimmer Mino Raiola tinkt net dat it noch slagje sil om de transfer fan Narsingh nei Amsterdam op 'e lêste dei fan de transfermerk rûn te krijen. ,,Ik denk dat Ajax te laat is. Bovendien heeft Luciano ook nog niet gesproken met Frank de Boer."

Johan Hansma is gewoan fan doel om tiisdeitejûn ôf te reizigjen nei Arnhim foar de bekerwedstriid tsjin Vitesse. ,,Ons standpunt is om de selectie voor dit seizoen intact te houden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)