Ajax wol Hans Vonk

14 maaie 2004 - 00:00

Fuotbalklub Ajax hat belangstelling foar keeper Hans Vonk fan SC Heerenveen. Vonk soe de opfolger wurde moatte fan tredde keeper Boschker. Dy hat oanjûn dat er by Ajax wei wol.

Vonk wol graach de oerstap nei Ajax meitsje, mar hy wol earst witte watfoar taak er dêr krijt. Vonk wol graach by de keepersoplieding belutsen wurde. Nije wike wurdt dúdlik oft Hans Vonk yndied de oerstap nei Ajax makket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)