Ajax meldt him foar Bas Dost

29 jan 2011 - 14:57

Ajax hat him offisjeel melden foar Bas Dost. Dat befestiget Robert Veenstra fan SC Hearrenfean. De klup hat kenber makke foar watfoar transferbedrach de spits fuort mei. Veenstra seit dit wykein noch gjin wite reek te ferwachtsjen, mar pas nei de wedtriid snein tsjin Grins.

Ajax siket in ferfanger foar spits Suarez dy't nei Liverpool giet. SC Hearrenfean siket by in ferkeap wol in nije spits, mar it is noch net wis wannear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)