Airbags, navigaasje en mear stellen út fjouwer auto's

29 sep 2015 - 13:40
  • Airbag

Dieven hawwe moandeitenacht yn Snits guod stellen út fjouwer auto's. Se namen ûnder oare airbags, ynboude navigaasje, radio-cd-spilers en touchscreens mei. Twa fan de bestellen auto's stiene oan it Marsdiep, ien oan de Westereems en ien yn de Furmerusstrjitte. Net yn alle gefallen is wat stikken makke om yn de auto's te kommen. Dêr't gjin sprake is fan braak, tinkt de plysje dat der digitaal ynbrutsen is.

De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan de stellerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)