Airbags, navigaasje-apparatuer en ark stellen út auto's

28 okt 2015 - 14:22

Op ferskate plakken yn it súdwesten fan de provinsje binne tusken moandeitejûn en woansdeitemoarn njoggen auto's en twa bedriuwsauto's iepenbrutsen. It giet yn de measte gefallen om auto's fan it merk Volkswagen en Seat. Meastentiids waard in portier sa fakkundich iepenmakke, dat der fan bûten gjin skea te sjen wie.

Binnen wie dy skea der wol: de dieven hienen it benammen op airbags en navigaasje-apparatuer foarsjoen. Ut de bedriuwsauto's is ark stellen. De stellerij wie ûnder oaren op 'e Jouwer, Snits, De Lemmer, Arum en Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)