'Airbag' foar reedriders

07 jan 2002 - 00:00

Reedriders hoege gjin blessueres mear te krijen. Dat seit Ruud Koster út Tsjalbert. Hy hat kessentsjes fan anty- slipmateriaal makke - 'airbags' - dy't kwetsbere lichemsdielen beskermje. De kessentsjes glydzje net en binne mar in pear milimeter dik.

De 'airbag' bestiet út stikken foar pols, heup, earmtakke, stút en holle. Se sille ynkoarten te keap wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)