AID sil stranger kontrolearje

18 nov 2005 - 09:29

De Algemiene Ynspeksje Tsjinst, de AID, fan it ministearje fan Lânbou sil fan takom moandei ôf de kontrôles op de ophokplicht oanskerpje. Dik 600 hobbyplomfeehâlders dy't de ôfrûne fjouwer wiken kontrolearre binne omdat harren plomfee net goed ôfskerme wie, kinne in nije kontrôle ferwachtsje.

De hobbyplomfeehâlders dy't dan noch net de nedige maatregels naam hawwe, krije in offisjele warskôging. Dêrnei wurdt in twangsom oplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)