AID leit earste twangsommen op

07 mrt 2006 - 11:14

De AID hat de earste twangsommen oplein oan minsken dy't harren fûgels net of net goed ôfskerme hiene. Der binne gjin boetes útdield. Nei in twangsom hawwe de oertreders trije dagen de tiid om de boel op oarder te bringen.

De AID komt in soad kreative oplossings tsjin by de kontrôles. Sa wurde in soad partytinten oantroffen dy't tsjinje as hinnehok. Hoewol't goed foldien wurdt oan de regels, sille de kontrôles net fermindere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)