AID hâlde bedriuw yn 'e gaten

16 apr 2009 - 23:53
  • AID hâlde it bedriuw al langer yn de gaten

It bedriuw yn Koatstertille dêr't tongersdei fee yn beslach naam is, waard al langer yn de gaten hâlden troch de AID, de algemiene ynspeksje tsjinst. Kontroleurs fan de ynstânsje wiene fan'e wike op de pleats omdat der wat mis wie mei de earmerken.

Doe't se tongersdei wer by de boer kamen, seagen se dat de bisten swier ferwaarleaze wiene. It yn beslach nimmen fan de kij rûn flink út de hân. De feehâlder ried yn op de meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)