AH ticht fanwege wetteroerlêst

24 okt 2006 - 16:54

Supermerk Albert Heijn XL yn Ljouwert hat tiisdei de hiele dei ticht west fanwege wetteroerlêst. Ek is in part fan it plafond ynstoarten. De problemen ûntstienen de nacht derfoar, doe't in grutte ôffierpiip foar reinwetter knapte.

In soad minsken stiene foar in tichte doar, ek minsken dy't gewoanwei altyd om boadskippen giene yn Bilgaard. Troch in grutte brân is ek dy winkel ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)