AH noch net yn Thalenpark

06 nov 2007 - 11:18
  • earder wie der al protest tsjin de tydlike supermerk yn it park

Der is noch gjin beslút nommen oer in tydlike Albert Heijn-supermerk yn it Thalenpark yn Drachten. Dat skriuwt de gemeente Smellingerlân oan de omwenjenden fan it park.

De AH hat ferfangende romte nedich om't de besteande supermerk oan it Raadhuisplein ferboud wurde sil. Dêr rint noch in rjochtsaak oer tusken AH en de eigner fan it gebou. Pas as dêr dúdlikens oer is, nimt de gemeente in beslút oer de tydlike lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)