Agressive wytstirnzen by berne-opfang Bernestate yn Ljouwert

30 jun 2015 - 12:05
  • parasols moatte fûgels op ôfstân hâlde

Berne-opfang Bernestate oan It Kealledykje yn Ljouwert hat lêst fan agressive wytstirnzen (visdiefjes). Der binne ôfrûne freed in liedster en in âlder oanfallen troch de fûgels. De biste-ambulânse konstatearre dat der trije nêsten binne en sa'n 14 stirnzen op it dak fan de opfang.

De fûgels meie net ferjage wurde om't de bisten beskerme binne. De bern meie derom dan ek net mear bûten boartsje en hawwe binnen in spesjaal boartersplak krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)