Agressive Snitser oanholden

18 jun 2006 - 15:26

In Snitser (25) is sneintemoarn troch de plysje oanholden. De man wurdt derfan fertocht dat er mei in fyts in rút stikken slein hat. Doe't de plysje de man oanhâlde koe, begûn er te skoppen en te slaan.

Hy rekke ferskate plysjeminsken. Troch al dat geweld koe de man útnaaie. In plysjehûn waard ynset om him oan te hâlden. Nei't ek de hûn in pear skoppen krige, koe de man oppakt wurde. De man hie in bytwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)