Agressive Skylger op Ljouwerter stasjon

07 jun 2015 - 13:58
  • Stasjon Ljouwert

Yn Ljouwert hat de plysje sneontejûn in 20-jierrige Skylger oanhâlden. De plysje krige melding fan in man dy't op it stasjon miigde en agressyf die tsjin befeiligers. Doe't de plysje kaam, naaide de man út. Hy koe letter oanhâlden wurde. It die bliken dat de man in bierglês smiten hie nei in kondukteur en hurd oan dy syn strik lutsen hie. Ek hie er in rút fernield op it stasjon. De man is nei it buro brocht en krijt in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)