Agressive manlju yn Ljouwert

24 aug 2014 - 10:48

In 20 jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden omdat er op it Ruterskertier yn de stêd in man fan 19 jier yn it gesicht slein hie. Hy hie ek in glês bier oer him hinne smiten. De fertochte is it kafee útset, mar besocht der wer yn te kommen. De plysje hat him meinommen nei it buro. It die ek noch bliken dat er guod út it kafee stellen hie.

De plysje hat op it Ruterskertier ek in man fan 24 jier út Zaandam oanhâlden. Hy hie yn in kafee in tafel omgoaid, en doe't er de saak út moast sloech er in meiwurker fan it kafee yn it gesicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)