Agressive man yn Dokkum oppakt

24 jan 2008 - 10:06

In 26-jierrige man út Kollum is woansdeitenacht yn Dokkum oanhâlden op fertinking fan bedriging en iepenbiere dronkenskip. De man waard agressyf doe't him de tagong ta in kafee wegere waard. Hy bedrige de kafeemeiwurker.

Doe't de plysje derby kaam, bleau de Kollumer agressyf. Hy bedrige in plysje en besocht him ferskate kearen in kopstjit te jaan. De Kollumer is oanhâlden en sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)