Agressive man oppakt yn Harns

16 mrt 2008 - 12:24

De plysje hat sneontenacht op de Voorstraat yn Harns in agressive man oanhâlden.Plysjeminsken seagen dat de man spul hie mei in frou en stie te razen. Doe't se him oansprutsen begûn er te skellen. Ek omstanners moasten it ûntjilde.

De plysjeminsken woene him oanhâlde, mar doe begûn de man te fjochtsjen. Uteinlik is er oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr kaam noch in wikkel mei kokaïne foar it ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)