Agressive man noch 2 wike fêst

30 mrt 2010 - 10:06

In 20-jierrige ynwenner fan Ljouwert bliuwt noch 14 dagen fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris moandei bepaald. De Ljouwerter waard yn de nacht fan 20 op 21 maart oanholden foar besykjen ta deaslach.

Foar in hoarekasaak yn Easterwâlde hie er in 18-jierrige ynwenner fan dat plak yn elkoar slein. Tsjûgen seine dat er dêrby in ketting brûkte. Ek soe er syn slachtoffer yn it gesicht skopt hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)