Agressive man huft kafee fyn

28 feb 2010 - 14:39

Yn Houtigehage is sneontenacht in man (34) út 'e Grinzer Pein oanhâlden foar mishanneling, fernieling en bedriging. Hy waard ynienen agressyf en woe in oare gast slaan mei in bierfleske. Doe't de barman yngriep, waard er dûm en sloech er yn it kafee en de keuken alles stikken. Fierders mishannele en bedrige er oare besikers.

De plysje moast mei de man nei it sikehûs om't er sels ferwûne wie oan de holle. Dêr wegere er behanneling en sadwaande is er meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)