Agressive man fan 'e dyk helle

28 maaie 2014 - 15:10

Mei help fan tsjûgen hat de plysje by De Jouwer in agressive bestjoerder fan de dyk helle. De 36-jierrige man út Dordrecht helle rjochts yn, wie oan it bumperkleven en ried agressyf.

Aginten gienen op de meldings fan oare bestjoerders ôf en seagen mei eigen eagen hoe't de man him misdroech. De weipiraat waard oan de kant fan de dyk setten. Hy krige in bekeuring en moat him by it Sintraal Buro Rydfeardigens melde foar in kursus oer rydgedrach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)