Agressive Ljouwerters oppakt

26 jul 2012 - 10:21

De plysje hat woansdeitenacht yn Ljouwert in man fan 45 en in frou fan 27 út dy stêd oppakt fanwege brânstifting en in besykjen ta swiere mishanneling. De twa hiene by in rûzje in 38-jierrige ynwenner fan Wergea mei in hammer in tal kearen op syn helm slein en syn scooter yn 'e brân stutsen. Dêrnei naaiden de twa yn in auto út.

In syktocht fan de plysje smiet yn earste ynstânsje neat op, mar letter dy nacht koene de twa dochs noch oanhâlden wurde. Dat wie neidat se de spegel fan in parkearde auto riden hiene.

Beide binne meinaam nei it buro. Ek is it rydbewiis fan de frou ynnaam. Sy wie ûnder ynfloed fan drugs doe't se achter it stjoer siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)