Agressive kraai yn Drachten

04 jun 2004 - 00:00

Bewenners fan Ald-Ambacht yn Drachten moatte goed oplette as se de strjitte opgeane. De kâns bestiet nammentlik dat in swarte kraai har oanfalt. Dat is de ôfrûne wike fjouwer kear bard.

Tongersdei hat de Dierenambulance yn gearwurking mei de Fûgelhelling it nêst fan de agressive fûgel leechhelle. Der waard ek besocht de kraai sels te pakken te krijen, mar dat mislearre. Meiwurkers fan de Dierenambulance sille de oerlêst yn de gaten hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)