Agressive Jouster oppakt

31 jul 2011 - 10:28

In 43-jierrige ynwenner fan De Jouwer is sneontemoarn betiid oanholden foar mishanneling en fernieling. De man hie yn de Midstrjitte op De Jouwer in 23-jierrige frou út Tolbert slein en har tillefoan fernield. Wêrom't er dat die, is net bekend.

Tsjûgen seine tsjin de plysje dat de man dronken wie en heal neaken oer strjitte rûn. Nei in syktocht waard de Jouster oantroffen op de Griene Dyk. Hy waard ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)