Agressive jongeman hat swurden, messen en krúsbôge thús

08 okt 2015 - 14:05

De plysje hat woansdeitejûn yn Noardwâlde in 18-jierrige jonge oanhâlden foar wapenbesit en fernieling. Dy wennet mei syn heit en broer yn ien hûs en waard dûm en fernielde allerhanne saken yn de wente. Hy sluet himsels op yn syn keamer. De heit belle de plysje. In spesjaal plysjeteam hat de jonge, dy't boppe-oan de trep mei in mes stie te driigjen, oanhâlden.

De plysje hat swurden, messen en in krúsbôge fan de jonge yn beslach naam. In plysjeman rekke ferwûne doe't er mei in earm troch in rút foel. De man is troch in húsdokter behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)