Agressive hûnen ûndersykje

17 aug 2011 - 14:25

De twa hûnen fan in Westereener (57) dy't moandei in hûntsje deabieten, wurde ûndersocht. Spesjalisten sille sjen hoe agressyf oft de bisten binne. Mooglik moatte de hûnen tenei in bekbân drage. Dy maatregel kin de boargemaster fia de APV oplizze.

As út it ûndersyk bliken docht dat de hûnen hiel agressyf binne, wurdt net útsluten dat se ôfmakke wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)