Agressive Feanster oanhâlden

02 apr 2014 - 11:24

In 45-jierrige frou fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn yn in supermerk oan de Passage yn dat plak oanhâlden. Sy wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in meiwurkster (18) fan de winkel. De frou kaam tsjin slutingstiid by de winkel, mar omdat de winkel ticht gie, koe se net mear holpen wurde. Doe't de meiwurkster dat tsjin har sei, waard de frou agressyf. Se sloech de meiwurkster, griep har by de kiel en luts har oan it hier. Kollega's kamen tuskenbeide. De plysje hat de frou oanhâlden en meinommen nei it buro, dêr is se ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)