Agressive famkes noch fêst

25 feb 2011 - 15:48

Fan 'e trije 13-jierrige famkes dy't yn Drachten oppakt binne omdat se stomdronken wiene, sitte noch twa fêst. Ien fan harren is it famke dat foar de drank soarge hat en dat in plysje slein en útskolden hat. Sy hat ek al earder mei de plysje yn oanrekking west.

De trije soene tongersdei jonges en famkes mishannele hawwe. Ien fan de jonges waard dêrby oanrand. Ien famke is wer frijlitten, neidat der proses-ferbaal tsjin har opmakke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)