Agressive Bûtenposters oppakt

01 maaie 2010 - 13:55

Twa agressive manlju út Bûtenpost binne freedtenacht oanhâlden op de Grote Markt yn Grins. It duo die ferfelend nei twa plysjeminsken ta.

Doe't dy harren der op oansprutsen, waard de 23-jierrige man dwers en begûn om him hinne te slaan. Hy rekke de beide plysjes yn it gesicht. Doe't dy him yn de boeien sleine, bemuoide de twadde man, fan 21 jier, him dermei. Ek dy is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)