Agressive autorider oppakt

19 jul 2009 - 15:13

In Snitser (24) is sneintemoarn oanholden troch de plysje op de Poartesilen yn syn wenplak, foar it opjaan fan in falske namme, agressyf rydgedrach en ferkeard parkearen. Neffens in melding soe de man mei pypjende bannen fuortriden wêze en agressyf rydgedrach fertoane.

Doe't de plysjes de bestjoerder seagen, joegen se him in stopteken dêr't er oan foldie. Hy joech doe in falsk rydbewiis ôf. De man is oanholden en oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)