Agresje tsjin helpferlieners

22 jul 2011 - 11:31

De meiwurkers fan Ambulânsesoarch Fryslân hawwe ek yn it jier 2010 wer te krijen hân mei agresje en geweld tsjin har helpferlieners, sa skriuwt algemien direkteur Alie Gelissen yn it jierferslach. Tsjin trije geweldplegers is oanjefte dien. Yn ien gefal late dat ta in feroardieling fan trije moanne sel en in skeafergoeding.

Oer it rinnende jier 2011 hawwe der noch gjin oanjeften west. Neffens Alie Gelissen hat dat te krijen mei alle oandacht foar soksoarte saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)