Agresje tsjin aksjekomitee

29 des 2000 - 17:36

Aksjekomitee Veilig Goutum hat te krijen mei tanimmende agresje en krijt dêrom begelieding fan de plysje. It aksjekomitee is oprjochte omdat Goutum problemen hat mei slûpferkear.

Sawat 600 automobilisten ride alle dagen troch it doarp om de file by de Drachtsterbrêge te ûtwiken. It aksjekomitee fiert moarns aksje op de slûprûte, mei as gefolch in file yn Goutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)