Agraryske beurs belangryk

10 sep 2014 - 18:52
  • De agraryske beurs yn Biddinghuizen
  • Tal fan masines op de argryske beurs

De Agraryske beurs yn Biddinghuizen is fan grut belang foar Fryske bedriuwen. Op de Agro Technyk Beurs, dy't noch oant en mei sneon duorret binne 20 Fryske bedriuwen fertsjintwurdige. Se besykje harren masines oan de man te bringen. Dat wurket neffens de bedriuwen better as mei advertinsjes. Op de beurs binne tûzenen boeren, leanwurkers en gemeenten, dy't op syk binne nei nij materiaal.

Dat it moai waar is wurdt wol wat as in neidiel sjoen, want de boeren kinne no ek in soad wurk fersette op it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)