Age Hulder wer fenomenaal

24 jul 2010 - 22:43
  • Age Hulder is út de skroeven oer syn nije rekôr (foto: Martin de Jong)

Age Hulder hat syn Nederlânsk- en Frysk rekôr fan in wike lyn yn Burgum op It Heidenskip al wer ferbettere. Nei de 18.96 yn syn wenplak ljepte de 16-jierrige sneontejûn 19 meter en 24 sentimeter by de jonges.

By de senioaren gong de winst nei Bart Helmholt. De Burgumer, dy't middeis achter Thewis Hobma en Jaco de Groot noch tredde wurden wie yn Utrecht, sprong in nij skânsrekôr: 20.52. Ek Hiske Galama wûn mei in nij skânsrekôr: 15.93.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)