Age Hulder ljept NL-rekôr

01 aug 2014 - 21:43
  • Age Hulder

Age Hulder ljepte freedtejûn yn Bûtenpost like fier as Hollanner Jaco de Groot yn 2006 yn Linschoten. Doe sette De Groot it Nederlânsk rekôr by de junioaren op 20.41 meter. Age Hulder mei him no dield rekôrhâlder neame. Fansels wie it ek in nij Frysk rekôr en in skânsrekôr by de junioaren. By de senioaren wûn Bart Helmholt mei 21.17, ek in skânsrekôr. Thewis Hobma waard twadde mei 20.48, Oane Galama tredde mei 19.95. Marrit van der Wal wûn by de froulju mei 15.22. Klaske Nauta waard tredde mei 15.07, mar helle wol in nij klassemintsrekôr.

Jetse Bokma wie de bêste by de jonges mei 16.47.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)