Age Hulder junioarekampioen

28 aug 2011 - 12:31
  • Age Hulder

Age Hulder út Burgum waard sneon by it NK fierljeppen kampioen by de junioaren mei in sprong fan 19.97. Dat betsjutte ek in nij Frysk rekôr. Alwin Fonk waard tredde mei 18.20 meter.

By de froulju wûn Dymphie van Rooijen. Sy sprong 15.63 meter. Anna-Jet Leyenaar wie mei in tredde plak de bêste Friezinne. De titel by de jonges gie nei Erwin Timmerarends út Montfoort mei in sprong fan 18.00. Bêste Fries wie dêr Tom Hoekstra. Hy sprong in nij pr fan 17.16 en waard 2e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)