Afvalsturing Fryslân wreidet út

27 nov 2002 - 00:00

Afvalsturing Fryslân yn Ljouwert giet de provinsjegrins oer. It Fryske ôffalferwurkingsbedriuw nimt de Grinzer ôffalferwurker Jager út Midwolde oer. By Jager wurkje 130 minsken. By Afvalsturing en dochterbedriuw Fryslân Miljeu giet it om mei-elkoar in lytse 400 wurknimmers.

De oername hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid. Foar de takomst ferwachtet Afvalsturing mear wurk op it haadkantoar yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)