Afvaloven Nee nei Hege Ried

11 jun 2010 - 14:48
  • Wer nije juridyske stap tsjin de Harnzer ôffaloven fan Omrin

De stifting Afvaloven Nee giet nei de Hege Ried. Der is protest oantekene tsjin de útspraak fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Afvaloven Nee fynt dat Omrin net fierder bouwe mocht oan de ôffaloven yn Harns sûnder miljeufergunning en hat in saak oanspand by it gerjochtshôf. Dy seach gjin reden om de bou stil te lizzen.

Dit is foar de stifting Afvaloven Nee net te fertarren en dêrom stapt de organisaasje no nei de Hege Ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)