'Afvaloven nee' hat ûngelyk

17 apr 2013 - 11:54
  • De ôffaloven yn Harns

It feilichheidssysteem fan de ôffaloven yn Harns is yn oarder. Dat stelt de Raad van State. Afvaloven Nee hie op in tal punten beswier makke tsjin it feilichheidssysteem. Sa soe it systeem net ûnôfhinklik toetst wêze. De Raad van State fynt dat dat wol dien is.

Afvaloven Nee fynt ek dat de fangrails by de oven net sterk genôch binne om frachtweinen tsjin te hâlden by oanridings. Neffens de steatsried is der gjin gefaar, omdat de frachtauto's dêr by in ûngefal skean tsjinoan ride.

In snelheidsbeheining, sa't Afvaloven Nee dat woe, is dêrom net nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)