Afûk: mear Frysk yn soarch

12 feb 2004 - 00:00

Personiel yn soarchynstellings en sikehuzen moat mear Frysk prate. Pasjinten moatte yn har eigen memmetaal fertelle kinne wat har mankearret. Dat stiet yn it beliedsplan fan de Afûk. De ynstelling stimulearret it brûken fan it Frysk.

Yn it beliedsplan dat tongersdei presintearre is, stiet ek dat der in cd-rom komt sadat minsken thús Fryske les folgje kinne. Sa hopet de Afûk 10 prosint mear kursisten te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)