Afûk fiert jubileum

26 apr 2003 - 00:00

De Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje, better bekend as de Afûk, fierde sneon it 75-jierrich bestean. Der wie in grut feest yn de Ljouwerter Harmonie mei allerhande aktiviteiten.

Sa wie der in útstalling, in sympoasium, in kwis, aktiviteiten foar bern, muzyk en in soad boeken. Sa koene belangstellenden yn 'e kunde komme mei de ûnderwiisynstelling. Ien fan de attraksjes wie in optreden fan Bear Boeloe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)