Afûk-enkête oer Fryske boeken

06 maaie 2013 - 18:34

De Afûk wol graach witte hokker Fryske boeken lêzen wurde en wêr't dy kocht wurde. Dat wolle se net allinnich fan de ynwenners fan Fryslân witte, mar benammen ek fan Friezen om utens. Fierders wolle se witte oft de minsken wolris Fryske sûvenirs keapje.

Mei de útkomsten fan de enkête wol de Afûk de tsjinstferliening yn de takomst better ôfstimme op de winsken fan lêzers fan Fryske boeken. De enkête wurdt ferspraat fia de sosjale media, mar stiet ek op de webside fan de Afûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)