Afûk bliid mei nije stavering

29 apr 2013 - 12:27

De Afûk is bliid mei de oanpassing fan de skriuwwize fan it Frysk. Dat seit direkteur Koen Eekma. De Fryske Akademy hat in tal oanpassingen betocht. Sa wurdt it wurd 'televyzje' tenei mei in 'f' skreaun en it wurd droech mei in 'û'. De regels soene derfoar soargje dat it Frysk konsekwinter wurdt en dêrmei dúdliker.

Somtiden soarget in taalwiziging foar in soad emoasjes, mar Eekma ferwachtet dat dat dizze kear wol tafalt. De feroarings wurdt sa gau mooglik yn de kursussen trochfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)