After Forever op Wâldrock

29 maaie 2006 - 15:03

After Forever en Shaboon binne twa bands dy't taheakke binne oan it programma fan metalfestival Wâldrock yn Burgum. After Forever is in populêre Nederlânske band dy't gothic metal spilet.

Shaboon út Drachten sil it festival iepenje. Wâldrock wurdt tradysjegetrou iepene troch in Fryske band. Oare bands dy't befestige binne, binne ûnder oare Motörhead en Soulfly. Wâldrock is dit jier op 1 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)