Afrikaanske keramyk yn Ljouwert

20 nov 2000 - 15:47

Under de namme Magyske Ierde is yn it Ljouwerter Prinsessehôf figurative keramyk út Afrika te sjen. It is de earste grutte kolleksje yn Nederlân.

By de útstalling binne in soad saneamde gesichtskruken. De potten mei iepen mûlen foarmje yn figuer, materiaal en funksje in ienheid. In keramysk objekt wurdt yn Afrika sjoen as bewarplak foar winsken en hoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)