Afonso Alves werom yn Nederlân

19 okt 2007 - 16:39

Afonso Alves is wer yn Nederlân. De spits fan Hearrenfean wie sels op 'e tiid op Skiphol, mar moast wachtsje op syn freondinne dy't út Sweden wei komme moast. De Braziliaan wie yn Brazilië yn ferbân mei twa WK kwalifikaasjewedstriden.

De foarige kear dat Alves mei Brazilië op in paad west wie, duorre it in tal dagen foar't hy him op it Hearrenfean melde. De topskutter fan Hearrenfean is snein ynsetber tsjin AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)