Afonso Alves wer boppe wetter

27 aug 2007 - 11:36
  • Alves hat him moandeitemoarn wer melden (foto Martin de Jong)

De Braziliaanske spits Afonso Alves hat him moandei kreas op 'e tiid melden by syn wurkjouwer sc Hearrenfean. Alves bleau sneon sûnder ôfberjocht wei by de training. Hy wie snein ek net oanwêzich by de útwedstriid tsjin Ajax.

Alves hat moandeitemiddei mei de reserves in lichte training ôfwurke. De topskoarder en syn saakwaarnimmer ha moandeitemiddei in petear mei direkteur Yme Kuiper fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)