Afonso Alves traint mei by SC Hearrenfean

30 sep 2015 - 11:52
  • Afonso Alves

Afonso Alves sil tongersdeitemoarn meitraine by de beloften fan SC Hearrenfean. De 34-jierrige Braziliaanske goalgetter is op dit stuit transferfrij en wie ôfrûne moandei as taskôger by de wedstriid fan de beloften fan Hearrenfean. Der hat yntusken in petear west tusken Hans Vonk en Alves, doe is besletten dat de Braziliaan meitraine kin mei de beloften. De ynstek fan Hearrenfean is om te sjen hoe fit Alves is. Der is op dit stuit gjin sprake fan dat der in kontrakt klearleit foar de âld-Hearrenfean oanfaller.

Alves spile yn de perioade 2006 oant jannewaris 2008 foar Hearrenfean en skoarde doe mar leafst 45 doelpunten. Dêrnei gie de topskoarer foar 18 miljoen euro nei it Ingelske Middlesbrough.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)