Afonso Alves net op training

25 aug 2007 - 16:00
  • Alves hjir noch foar it logo fan SC Hearrenfean

De Braziliaanske spits Afonso Alves is sneontemoarn net op de training fan SC Hearrenfean ferskynd. Alves fielt him ûnrjochtfeardich behannele troch Hearrenfean, omdat de direksje net yngean wol op konkrete oanbiedings fan oare klubs om de spits oer te nimmen. Syn wurdfierder Augusto skriuwt dat op syn weblog.

Seker trije grutte klubs soene trije kear mear bean hawwe as de fiif miljoen dy't Hearrenfean betelle hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)