Afonso Alves hat 2 kontrakten

16 jan 2008 - 22:52
  • Yme Kuiper wol graach dat gau in ein komt oan de saak-Alves
  • Alves tekene in nij kontrakt sûnder it earste op te sizzen (foto Martin de Jong)

Der is in jildich kontrakt tusken AZ en Afonso Alves. Dat is de foarlopige konklúzje fan de arbitraazjesaak dy't AZ oanspand hat tsjin sportklub Hearrenfean. Probleem is dat Alves syn kontrakt by Hearrenfean noch net opsein hat.

Der is noch gjin útspraak dien nei oanlieding fan de arbitraazjesaak. Dêrtroch is it noch net dúdlik oft Hearrenfean meiwurkje moat oan in transfer fan Alves nei AZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)