Afke Hijlkema nimt ôfskied

11 sep 2010 - 14:32
  • Afke Hijlkema

De keatskarriêre fan Afke Hijlkema sit derop. By de âlderlêste wedstriid yn Marsum ferlear it partoer fan Hijlkema yn de earste omloop fan it trio Marie-Jetske Lettinga. By in stân fan 5-5 en 6-6 moast Afke Hylkema in lytse keats ferdigenje. It wie Bianca van der Veen dy't in ein makke oan de keatskarriêre fan Hylkema troch de keats foarby te slaan.

Afke Hijlkema ferlit de keatssport mei 804 punten, mear as 200 oerwinnings en sechtich keningstitels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)